De Connective Leadership Mirror no beskikber yn njoggen talen
In 2008 behúze in âlde wettermûne yn it easten fan Nederlân in lytse en ferskate groep fan tige engazjearre tinkers, lieders en oare doggers om in missy yn it libben te roppen dy 't nei 15 jier noch altyd springlibben is. Wy makken dúdlik wat ferbinend liederskip ynhâldt, wêrom 't it sa wichtich is om te beoefenjen en hoe ' tst dizze weardefolle kwaliteit ûntwikkelje kinst.
Troch de jierren hinne feroare dizze ' kearngroep ' allegeduerigen fan gearstalling. As wy alle mei-makkers fan it begjin oant no útnûgje soene, soe it selskip út sa 'n tritich minsken bestean. Ienkear wer byinoar, soene we it der fêst oer iens wêze dat mei-inoar oplûke leuk is, mar dat we echt bliid wurde fan elke lieder, manager, professional dy 't de muoite nimt om de Verbindend Leidinggeven Spiegelreflector yn te foljen en te reflektearjen op it jûn profyl. Basearre op in spesifike tapassing fan de bekende Spiral Dynamics€ wurdesystemen, is dizze fergeze scan publisearre mei de yntinsje safolle mooglik brûkers te berikken. Wy beskôgje de CLMirror as in op wearden basearre ynstrumint foar liederskipsrefleksje foar bloeiende en florearjende organisaasjes en maatskippijen.
It is no 2023 en jo lêze de earste blog oer de nije, wer wiidweidige ferzje fan CLMirror.org. Wy beskikke ûnderwilens oer in ynternasjonaal team fan wurdearre CLM ambassadeurs: profesjonele consultants dy ’t in oersetting yn harren eigen taal makke hawwe. Chronologysk besjoen, fan it momint ôf dat Edwin de Vos de ferantwurdlikheid naam foar it technyske ûntwerp en de ymplemintaasje fan de applikaasje, kinne wy sizze dat Edwin en ûndertekene de Nederlânske en Ingelske taal fertsjintwurdigje. Miriam Subirana Vilanova (Instituto IDeIA) makke de Spaanske ferzje. Heike Aiello heakke Dútsk ta en Sarah Neumann Frans. Mei de ynspanningen fan Thalia Dragona en de einredaksje fan Markos Perrakis hawwe wy de Grykske taal tafoege. Serenella Panaro levere koartlyn de Italiaanske ferzje. Tsjin de simmer fan 2023 telden we sân lannen en in oanienslutende groep oerienkomstige CLM-ambassadeurs.
Giet it om lannen, of earder om talen? Omdat ik yn ’e Spaanske provinsje Kataloanië wenje, en de freonskip genietet fan skoallieder en feroarkundige Pep Buetas, lei in Katalaanske ferzje binnen hânberik. Op de ien of oare wize fûn ik dat we dizze ' nije ' stap ûnderstreekje moasten mei de yntroduksje fan in oare ' taal dy 't gjin lân is '. Troch liederskipsprofear Wim Braaksma en syn konneksjes mei de Frysk Akademy is it CLM no ek beskikber yn de taal fan Fryslân, in prachtige Noard-Nederlânske provinsje, grutsk op har spesifike woartels en kultuer.
In dream giet yn ferfolling, al follûkt dy him - sa 't dat giet mei it realisearjen fan dreamen - yn lytse stapkes. Folje sels ris de CLMirror yn en beskôgje dyn profyl. De tapassings fan dit ynstrumint binne ferskaat, fan coaching oant it mjitten fan learresultaten, en fan teamûntwikkeling ta organisaasjebrede liederskipsanalyze, dêr 't wy yn de kommende blogs oer skriuwe sille. Sjochst kâns om de CLM yn in nije taal oan te rikken? Lit it ús witte. It systeem makket it sa maklik mooglik foar dy, en miskien bisto dan wol ús folgjende CLM-ambassadeur.
Stel dy foar... dat wy - fansels tagelyk - it Israelyske Ivriet en it Palestynske Arabysk lansearje soene as de folgjende twa talen. Soe dat wat helpe? En wat te tinken fan in Oekraynske en in Russyske ferzje? Sjochsto mooglikheden? Dat soe in geweldich foarbyld wêze fan ferbinend liederskip.